Petysje learling Beyers Naudé foar busferfier nei skoalle

04 des 2016 - 20:04

In 17-jierige learling fan gymnasium Beijers Naudé yn Ljouwert is mei in petysje úteinset foar in bettere busferbining tusken syn wenplak Garyp en de skoalle. Troch de oergong fan it busferfier nei Arriva komt de bus net mear fiif kear yn 'e oere by Garyp, mar noch mar twa kear. Dat soarget net allinnich foar problemen foar Garypsters, ek ynwenners fan Earnewâld en Aldegea kinne minder maklik yn Ljouwert komme.

De petysje wurdt moandei oanbean oan wethâlder Rypstra fan Tytsjerksteradiel.

(advertinsje)
(advertinsje)