Snits Wyt Swart wint fan koprinner ADO '20

Yn de haadklasse A hat Snits Wyt Swart snein wûn fan koprinner ADO '20 út Heemskerk. De ploech fan trainer Berry Zandink wie de bettere ploech. Mar dochs kamen se earst, tsjin alle ferwachtings yn, mei 0-2 achter te stean. Martijn Dijk makke de oanslutingstreffer (1-2). Yn de 80e minút makke Kevin Huitema de lykmakker út in frije traap fan grutte ôfstân (2-2). In minút letter sette Freerk de Jong de Snitsers op in 3-2-foarsprong.
Yn deselde haadklasse A ferlear Hearrenfean mei 2-0 by RKHVV.