Ynbrekkers slute gerdinen om laptops en sieraden te stellen

04 des 2016 - 16:51

Yn Lippenhuzen binne sneon by in ynbraak ûnder oare laptops en sieraden stellen. De ynbraak yn de wente oan de Bûkehage wie tusken alve oere moarns en kertier oer njoggenen jûns. De dieven hiene it hiele hûs oeral helle. Se woene blykber net steurd wurde, want se hiene de oergerdinen tichtdien.

Op De Rottefalle waard sneon oerdeis of jûns ynbrutsen yn twa wenten. Beide wenten waarden trochsocht. It is noch net dúdlik wat de bewenners misse. En yn De Pein is besocht yn te brekken oan de Reinder de Vriessingel, mar dat mislearre.

(advertinsje)
(advertinsje)