Plysje komt mei ekstra ferkearskontrôles op It Bilt

04 des 2016 - 13:30

De plysje sil ekstra hanthavenje op de Biltdiken yn de gemeente It Bilt. Dat bart foaral op plakken dêr't omwenners fan sizze dat der te hurd riden wurdt. De omwenners kinne in melding dwaan by Veilig Verkeer Nederland, dy't it trochjout oan de plysje.

De gemeente is al langer dwaande om de Biltdiken feiliger te meitsjen. De ôfrûne wiken hawwe der twa gearkomsten west mei de ferienings fan pleatslik belang en Veilig Verkeer Nederland. De gemeente set ek yn op feroaring fan it gedrach fan automobilisten troch foarljochting.

Trefwurden: 
plysje It Bilt
(Advertinsje)
(Advertinsje)