Groep feteranen leveret yn Den Haach lintsjes yn

In groep militêre feteranen sil tiisdei by in protestgearkomste yn de Twadde Keamer yn Den Haach de lintsjes en ynsinjes ynleverje. De militêren binne lilk hoe't it kabinet omspringt mei it AOW-gat dêr't se mei te krijen hawwe sûnt de AOW leeftyd ferhege is nei 67 jier. Der is reparaasjewetjouwing tasein mar dy komt te let en is net goed genôch, fynt Ben Bosch fan Makkum. Hy is marinefeteraan en ien fan de dielnimmers oan it protest.
De militêren biede tiisdei de Twadde Keamer in petysje oan. Dan leverje se ek harren lintsjes yn.
Neffens âld-marineman Bosch is it ynleverjen fan ynsinjes it iennichste dat in beropsmilitêr dwaan kin. "Staken en demonstreren doet een militair niet. Het inleveren van insignes is het enige dat dan over blijft." Bosch en syn kollega's kieze hjirfoar omdat it regear neffens harren 'respektleas' mei harren omgiet. It AOW-gat kin in trochsneed beropsmilitêr, ôfhinklik fan rang en persoanlike situaasje, samar tusken de 300 oant 600 euro yn de moanne kostje. Dat is soer, want de groep kin dêr sels neat oan dwaan. "Op een bepaalde leeftijd moet je verplicht uit dienst. Langer dienen was niet toegestaan."