''Neitinke oer ferbetterjen fan ljippestân is goede saak''

04 des 2016 - 12:42

Deputearre Johannes Kramer fynt it in goede saak dat it Bûn fan Fryske Fûgelwachten neitinkt oer it ferbetterjen fan de ljippestân. Hy seit dat yn reaksje op it plan fan it BFVW om ljipaaien yn in briedmasine útkomme te litten. It BFVW wol dat sa'n tsientûzen aaien keunstmjittich útbret wurde. As de pykjes grutter binne, kinne se yn it lân útset wurde. Op natuerlike wize groeie op dit stuit amper jonge ljippen op, omdat rôfbisten it op de aaien foarsjoen hawwe.

It BFVW hat de ôfrûne wiken op regiogearkomsten praten oer it idee fan de briedmasines. Mocht elkenien foar it plan wêze, dan moat der by de provinsje in ûntheffing oanfrege wurde yn it ramt fan de nije Natuerwet. De provinsje sil goed besjen oft it keunstmjittich útbrieden neffens de wet kin, seit deputearre Kramer. Krúsjale fraach is oft it meinimmen fan aaien nei de briedmasine ta, goed is foar it yn stân hâlden fan de ljippestân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)