Ministerried nimt beslút oer Koloniën van Weldadigheid

04 des 2016 - 10:58
It gemeentehûs van gemeente Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dizze moanne beslút de ministerried oft de Nederlânske Steat it dossier foar de nominaasje fan de Koloniën van Weldadigheid as Wrâlderfgoed yntsjinnet by Unesco. Wannear't dat bart, nimt Unesco yn de rin fan 2018 in beslút oer it takennen fan dy status. Koloniën van Weldadigheid binne ûnder oare te finen yn Weststellingwerf.

Eartiids waarden earme minsken fan de stêd út nei de koloanjes brocht. Sy koene dan in eigen bestean opbouwe, bygelyks as boer. Minsken krigen yn de koloanjes ûnderdak, ûnderwiis en soarch. Earder binne al betonnen markearringen om de Koloniën fan Weldadigheid hinne pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)