UNIS Flyers wint dik fan Red Eagles yn Den Bosch

03 des 2016 - 22:29

UNIS Flyers hat yn Den Bosch mei 9-1 fan de Red Eagles wûn. De ploech fan Mike Nason kaam goed út de startblokken en einige de earste perioade mei in 3-0 foarsprong troch twa goals fan Ronald Wurm en ien fan Tony Demelinne. Yn de twadde perioade skoarde Van Rossum de earste thúsgoal, mar Wurm makke der wer in ferskil fan trije fan. Efkes letter makke Kevin Nijland de 1-5.

De tredde perioade wie opnij foar de Flyers. Yn trije minuten skoarden Demelinne, Janssen en Turcotte. Yn de lêste sekonden soarge Nijland foar de 9-1 einstân.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)