Kuorbal: winst foar LDODK, ferlies foar SCO

03 des 2016 - 21:42

LDODK hat de tredde oerwinning te pakken yn de kuorballeague. Yn Koog aan de Zaan waard KZ mei 23-16 ferslein. Beide ploegen bleaune yn de earste helte fier ûnder harren nivo. Dat resultearre nei in 7-5 efterstân yn in meagere 8-8 tuskenstân.

Yn de twadde helte wie it krûd by LDODK net mear damp. Oan de hân fan de Gordykster froulju rûn de ploech fan Erik Wolsink maklik út nei 20-12 en doe wie de wedstriid spile. LDODK hat no 6 punten út 4 wedstriden en stiet dêrmei mei TOP op in dield twadde plak. PKC is koprinner mei 8 punten.

Haadklasser SCO út Aldeholtpea hat sneontejûn yn eigen hûs yn Wolvegea ferlern. It waard 30-20 foar Dalto út Driebergen.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal SCO
(advertinsje)
(advertinsje)