Personiel De Kûpe seit unanym betrouwen yn bestjoer op

03 des 2016 - 21:20
Foto: Omrop Fryslân

It personiel fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost seit unanym it betrouwen yn it bestjoer op. Oanlieding is in plan foar in nije swimakkommodaasje yn it doarp. De Kûpe falt ûnder de Stichting Sportcentrum Achtkarspelen. It bestjoer fan dy stichting soe de plannen foar it nije bad yntsjinne hawwe by de gemeente. It personiel fan De Kûpe is net by de ûntwikkeling fan it businessplan foar it nije bad belutsen, en dêr binne se net bliid mei. De manager fan De Kûpe stapt ein dizze moanne op by De Kûpe.

Earder dit jier stapten twa bestjoersleden op út ûnfrede oer de gong fan saken. Der is al langere tiid ûnienichheid oer swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. De gemeente woe it bad yn it ferline slute, omdat it te âld en net mear rendabel wêze soe. Dat is doe net trochgien. Yn it swimbad wurkje no sa'n 20 oant 25 frijwilligers. Dêrnjonken binne der tsien minsken yn tsjinst.

Trefwurden: 
De Kûpe swimbad Bûtenpost
(advertinsje)
(advertinsje)