SC Hearrenfean wint mei 3-1 fan Go Ahead Eagles

03 des 2016 - 20:27

SC Hearrenfean hat sneontejûn in 3-1 oerwinning behelle yn de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. De Feansters hiene in stroef begjin en kamen yn de 7e minút op achterstân troch in ôfstânsskot fan Darren Maatsen. Hearrenfean kaam better yn de wedstriid en Reza Ghoochannejhad koe yn de 20e minút op in pass fan Sam Larsson in goal meitsje. Yn de 27e minút kopte Reza syn twadde binnen. Yn de slotsekonden foar de rêst makke de Japanner Yuki Kobayashi de 3-1.

Yn de twadde helte waard net mear skoard wêrtroch't de trije punten nei Hearrenfean giene.

Troch de winst is Hearrenfean opklommen nei it fjirde plak yn de earedifyzje. De folgjende wedstriid spylje de Feansters op 10 desimber yn it Abe Lenstra Stadion tsjin Excelsior.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)