Lytse VVD-ôfdielings SE-Fryslân smite de lapen gean

03 des 2016 - 20:16
Foto: Lenus van der Broek

Fjouwer lytse VVD-ôfdielings yn it súdeasten fan de provinsje smite de lapen gear. It giet om de VVD yn de gemeenten Hearrenfean, Eaststellingwerf en Weststellingwerf en Opsterlân. Sy gean fierder as VVD Netwerk Zuidoost Friesland. Dat moat soargje foar in slachfeardigere organisaasje, bygelyks yn kampanje-aktiviteiten.

It haadbestjoer fan de VVD wol dat de lytse ôfdielings mei-inoar fierder gean as netwurken mei minimaal 120 leden. It 'Netwurk Súdeast' is op 1 desimber in feit wurden.

Trefwurden: 
VVD Fúzje
(Advertinsje)
(Advertinsje)