FOTO: Sinteklaas op besite by bern yn sikehûs yn Ljouwert

03 des 2016 - 18:51

Sinteklaas ferjit de sike berntsjes yn it sikehûs net. De Goedhillichman brocht sneontemiddei in besite oan it MCL yn Ljouwert. Foar it ferfier krige de Sint en syn Piten help fan de motorklup 058-bikers. Yn de optocht ried in âlderwetske ljedderwein fan de brânwacht mei. De wein ried earst mei lûde sirene troch Ljouwert foardat se nei it sikehûs giene. Nei de berneôfdieling giene de Piten ek noch del by de oare ôfdielingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)