FIDEO: Rolstoel-curlingklup siket mear leden

03 des 2016 - 17:46

De rolstoelers fan curlingklup CCF yn Ljouwert sykje mear leden. Oant no ta binne der sân leden dy't alle woansdeis traine. Neffens coach Sippie Koornstra is der plak foar mear rolstoelsporters. "De sport is tige geskikt foar rolstoelers, mar curling is noch net bekend ûnder de doelgroep." CCF is de iennige curlingklup yn Nederlân mei in difyzje foar rolstoelers.

Yn it ramt fan wrâldhendikeptedei hiene de rolstoelsporters sneon in iepen dei yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. It prikslydzjen wie dêrby ek fertsjintwurdige.

Trefwurden: 
curling rolstoel CCF
(Advertinsje)
(Advertinsje)