ONS pakt trije punten by Jong FC Grins

ONS hat de punten pakt by Jong FC Grins. Yn de begjinfaze spile Jong FC Grins op snelheid en kaam ONS net yn it spul. Yn de 22e minút kopte Pier Veldman fan Jong Grins de bal oer ONS-keeper Bas van Weegen. ONS krige noch wol kânsen. Yn de blessueretiid fan de earste helte makke Renco van Eeken dochs noch de 1-1.
Yn de twadde helte wiene de ploegen aardich oanelkoar weage. Dochs wie Yume Ramos fan ONS de man dy't de 1-2 op skoareboerd wist te setten. Yn in tige spannende einfaze koe ONS dochs stânhalde en bleau it 1-2.