Harkemase Boys hat it dreech tsjin Capelle mar wint wol

03 des 2016 - 16:53

Harkemase Boys hat sneon thús mei 2-1 fan Capelle wûn. Oant de 26e minút gie de wedstriid lyk op. Doe kopte Robert Stelpstra de bal achter de Capellekeeper. Dêrnei naam de druk fan Capelle ta. Dochs helle Harkemase Boys de rêst mei in 1-0 foarsprong.

Nei rêst krigen beide ploegen kânsen, en makke Capelle de lykmakker. De Boys kamen op 2-1 troch Henny Bouius nei in frije traap fan Oebele Schokker. Yn in spannende einfaze gie Capelle mei keeper en al nei foarren. Dochs luts Harkemase Boys de oerwinning oer de streek en wie it feest op de Bosk.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)