Kij sakje troch flier fan jarrekelder yn Hartwert

03 des 2016 - 14:25

By in boerepleats yn Hartwert binne sneontemiddei fyftjin kij yn in jarrekelder fallen. De bisten sakken troch de roasters fan de grutte stâl en stienen hast folslein yn 'e jarre. De brânwacht hat in skoft dwaande west om de bisten út de kelder te takeljen. Mei in kraan en spesjale pakken binne hast alle kij sûnder ferwûnings wer rêden.

Hoe't it komt dat de bisten troch de roasters sakken, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Hartwert boerepleats kij
(Advertinsje)
(Advertinsje)