Brûnzen medalje foar Leenstra by wrâldbeker yn Astana

Marrit Leenstra © ANP
Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel is sneon yn it wrâldbekertoernoai mei in tiid fan 1.15.82 tredde wurden op de 1000 meter yn Astana. Jorien ter Mors waard mei 1.15.36 twadde en de Japanse Miho Takagi mei 1.15.25 earste.
Foar Leenstra betsjut it de twadde wrâldbekermedalje dit seizoen op de 1000 meter. Se einige ôfrûne moanne as twadde yn Sina mei in tiid fan 1.16.55.