Nije lokaasje foar besikerssintrum Skiermûntseach

03 des 2016 - 12:59

De gemeente hat in nije lokaasje op it each foar it noch te bouwen besikerssintrum op Skiermûntseach. It giet om it perseel oan de Reewei 9, oan de súdkant fan it doarp. It is neffens de begeliedingskommisje de bêste lokaasje. Se hawwe fjouwer opsjes ûndersocht.

De kommisje is yn maart ynsteld troch de gemeenteried, neidat in earder plan foar in grut multyfunksjoneel besikerssintrum, it saneamde promenadeplan, sneuvele.

Eksploitaasje

De kommisje hat him njonken in geskikte lokaasje, ek bûgd oer de eksploitaasje fan it besikerssintrum. It plan is no dat Natuurmonumenten dat dwaan sil, ien fan de partijen dy't meidocht oan it plan. Oare dielnimmers binne de gemeente, de VVV, it hjoeddeistige besikerssintrum en Nationaal Park Schiermonnikoog.

Utwurking

De gemeenteried mei him 13 desimber oer de plannen oant no ta útsprekke. As de ried grien ljocht jout, kin de kommisje de plannen fierder útwurkje. It projekt soe 2,5 miljoen euro kostje en moat dan yn twa jier klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)