Kollum: ''Russyske Revolúsje''

03 des 2016 - 08:27

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

''De kâns is grut dat jim net witte wat in Nutria is. Earlik sein wist ik it ek net, mar tiisdei stie yn de Volkskrant in hiel nijsgjirrich artikel oer dat bist. Want dat is it, in bist. Even de oanlieding: Wy witte yn Europa hiel goed hoe’t de rest fan de wrâld him gedrage moat. Wy dogge hjir alles goed en de rest fan de wrâld soe in foarbyld oan ús nimme moatte. Sa sjocht Europa nei de rest fan de globe. En as se it ús net nei it sin dogge, folgje der sanksjes. Dan wolle se wol omlyk, sa tinke de minsken dy’t boppe ús steld binne. Foarbyld: De Russen wolle ús fleis, griente en fruit net mear keapje, omdat wy harren sanksjes oplein ha omdat sy de Krim ynnamen.

Pas as de sanksjes ferdwine, wolle se der wer oer neitinke om wer hannel mei ús te driuwen. Dus binne ús ûndernimmers de sigaar omdat de polityk op de stoel fan rjochter sitten giet en de Russen straf opleit. Miene se. Mar no komt it. Minsken binne ynventyf. Russen ek. Sjoch, as der gjin fleis, griente en fruit mear ymportearre wurde kin, binne der in pear opsjes. Jo kinne oare hannelspartners sykje. Of jo tinke even fierder nei oer hoe’t je as lân minder ôfhinklik wurde kinne fan it alwittende Europa. Dat proses spilet him dus no ôf yn Ruslân.

Yn Moskou iepenet de iene nei de oare hippe bistro syn doarren. En krekt as we hjir yn de Wâlden dogge, servearje dy lju streekprodukten. Der is in nije revolúsje geande yn Ruslân. Restaurants meitsje nije menukaarten dêr’t se de Europeeske keuken skrasse en oergean op ferjitten en nije gerjochten út moedertje Ruslân. Europa sil desimber beslute oft se noch langer trochgean mei de Russyske sanksjes. Yn de Volkskrant frege de reporter him ôf oft in beslút oer it wer hannel driuwe meie noch wol wat útmeitsje sil. De Russen binne in grutsk folk en it soe samar sa wêze kinne dat de middenklasse him fan Europeesk fleis, griente en fruit ôfkard.

Der waait in frisse wyn troch de keuken fan de Russen. Op elts produkt stiet de namme fan de boer dy’t it produsearre hat. Ien fan de nije produkten is de Nutria. Hjir soenen we der waterkonijn tsjin sizze. In rivierrot. Flinke knapen, se weage in kilo as seis. Bytsje swierder as de muskusrotten hjir. Neffens de hipster eigener fan de Krasnodar Bistro smeitsje se nei hin, baarch en in fleuchje knyn. En je kinne der prima hamburgers fan meitsje. Krekt as fan rindieren (sorry foar Rudolf), guozzeburgers en burgers fan bollen, dêr’t in ûndernimmer yn in bûtenwyk fan Moskou de striid mei McDonalds en de oare fastfoodrestaurants mei oangiet.

Ek kastrearre hoanne stean ynkoarten op it streekprodukten menu yn Ruslân. De spesjaalbierkes en oare drank komt ek út eigen lân en der binne boeren dwaande mei sels blauskimmeltsiis te meitsjen. Rindier yn wylde beiensaus en Kamtsjatka inketfisk mei appelsjem en smolten tsiis. De measte gerjochten stean al jierren earne op in kaart, mar dringe no troch ta oare regio’s.

De tiid dat de minsken yn Moskou harren ôffreegje wat se no yn de goedichheid ite moatte no’t Europa harren pleaget leit achter ús. In folk siket altyd nije wegen om problemen op te lossen. Ruslân giet oan de streekprodukten en miskien wolle se ús guod aanst net mear ha. Wat soe Europa dêr fan fine? No, ien dei letter stie yn deselde Volkskrant dat it Europeeske parlemint oars neat betinke kin as ynsette op ekstra miljarden oan wapens om in supermacht te wurden. We geane werom yn de tiid, bêste harkers. In ordinêre wapenwedloop mei ronkjende retoryk, mei as achterlizzende gedachte dat de Russen der oan komme. Soe sa’n Nutriaburger fan in grouwe wetterrôt eins wat lekker smeitsje?''

(Advertinsje)
(Advertinsje)