Fytser (92) stoarn nei ûngelok

21 maaie 2012 - 16:05

In 92-jierrige fytser út Boalsert dy't ferline wike belutsen wie by in ûngelok, is yn it sikehûs ferstoarn. De man kaam freed op de Snitserstrjitte yn Boalsert yn botsing mei in auto bestjoerd troch in 81-jierrige Boalserter.

It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De man is dêr ôfrûne wykein oan syn ferwûnings ferstoarn.

Trefwurden: 
ûngelok fytser
(Advertinsje)
(Advertinsje)