Kuorbalferiening LDODK yn eigen spilersbus de dyk op

02 des 2016 - 22:49

Kuorbalferiening LDODK fan De Gordyk hat sûnt koart in eigen spilersbus. Dy kin ynset wurde om de spilers nei útwedstriden te riden. LDODK is nei lânskampioen PKC út Papendrecht de twadde kuorbalklup út de league dy't in eigen bus hat. Alle kuorbalklups út de league binne dêrfoar benadere.

Mei stipe fan Taxi Witteveen is it slagge om de bus fan LDODK foar trije jier ride te litten. Bedoeling is dat de kuorbalsport mei dizze bus better opfalt en mear omtinken krijt yn Fryslân en de rest fan it lân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)