Untslaggen by Tinga Winsum

By Tinga Doarren en Ruten yn Winsum krije fyftjin minsken dien. Earder al rekken útstjoerkrêften harren baan kwyt. De 92 personielsleden krije moandei allegearre te hearen wa't bliuwe meie en wa net.
Tinga hat in soad lêst fan de krisis yn de bou. Grutte ôfnimmers giene fallyt of se bestelle minder doarren en kozinen. Direkteur Chris Hendriks sprekt fan in tsjustere dei foar it bedriuw.