Van der Heide: "Ik ga niet meer onder Ype Smid werken"

02 des 2016 - 21:10

De eardere assistint-trainer fan Cambuur Sandor van der Heide komt net werom by Cambuur salang't Ype Smid foarsitter fan de klup is. Dat sei Van der Heide freed yn de studio fan Fryslân Hjoed tsjin presintator Arjen de Boer. Ald-Cambuurtrainer Henk de Jong en âld-proffuotballer en sportanalist Geert Jelle de Vries sieten ek oan tafel. "Zolang Ype Smid voorzitter is van Cambuur, kom ik daar niet terug. Ik hoef niet meer onder Ype te werken."

Untslach Van der Heide

Sandor van der Heide krige ferline seizoen dien by Cambuur, doe't de klup minne resultaten helle yn de earedifyzje. Dat koste letter ek trainer Henk de Jong de kop. Van der Heide is op dit stuit trainer by IJsselmeervogels yn Spakenburg. Henk de Jong wurket no as kommersjeel meiwurker by FC Grins.

(Advertinsje)
(Advertinsje)