Easterstreek hat wer in doarpshûs mei kafee

It doarpshûs fan Easterstreek is sterk útwreide. It kafee njonken it doarpshûs heart der sûnt freed ek by. Eins is dêrmei in âlde situaasje yn eare wersteld. Earder wie it in kafee mei sealen, en waard it part mei de sealen der krekt ôfknipt om doarpshûs te wurden. Doe't it kafee in pear jier lyn leech kaam te stean, kaam doarpsbelang yn it spier om der ien grut doarpshûs fan te meitsjen. Mei help fan gemeente, provinsje en tal fan fûnsen koe it kafee lang om let oankocht wurde.
Boargemaster Gerard van Klaveren bruts freed symboalysk de muorre troch, dy't kafee en doarpshûs fan inoar skieden. De doarpsbewenners sille lykwols de mouwen noch flink opstrûpe moatte, om't it eardere kafee noch folslein opknapt wurde moat. Tal fan frijwilligers tekenen freed fuort yn foar al de putsjes dêr't noch minsken foar nedich binne.