Fakbûn CNV: "Minsken fan De Friesland fine dreech nij wurk"

Fakbûn CNV makket him grutte soargen oer de takomst fan de minsken dy't by soarchfersekerder De Friesland harren baan ferlieze. Neffens fakbûnsbestjoerder Roderik Mol blykt út ûndersyk fan it UWV dat it foar minsken út de fersekerings- en finansjele sektor tige dreech is om wer in baan te finen, foaral yn Fryslân. Mol wol sa gau mooglik mei De Friesland yn petear om te praten oer in trajekt fan wurk nei wurk. Hy fynt dat De Friesland op dat mêd in sosjale ferplichting hat.
Kosten drukke
Bestjoersfoarsitter Bert van der Hoek fan De Friesland makke freed bekend dat troch in reorganisaasje 120 fan de 700 wurkplakken ferlern gean de kommende trije jier. De yngreep is nedich foar ferheging fan de effisjinsje en om de kosten te drukken. De soarchkosten rinne hieltyd fierder op. Om de preemje foar de leden sa leech mooglik te hâlden moat ek nei de kosten fan de organisaasje sjoen wurde, seit Van der Hoek.