Danny Noppert stelt teloar op de Winmau World Masters

Danny Noppert © Bas van den Berk
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat freedtejûn teloarstellend ferlern by de lêste 32 fan de Winmau World Masters. De 25-jierrige darter ferlear mei 3-2 yn sets fan de Kanadees Kiley Edmunds.
Noppert wie troch syn tredde plak op 'e ranking direkt pleatst foar de telefyzjewedstriden fan de World Masters yn it Ingelske Frimley Green, mar yn syn earste partij gie er dus fuortendaliks ûnderút. In teloarstelling, want yn 2013 behelle de Jouster noch de kwartfinale fan dit toernoai.
De Winmau World Masters is nei it prestisjeuze Lakeside World Darts Championship it grutste telefyzjetoernoai fan it BDO-bûn. Takom wike komt Noppert wer yn aksje op telefyzje. Dan spilet er yn Egmond oan See yn Noard-Hollân op 'e Finder Darts Masters.
Begjin jannewaris makket er ek syn debút op it Lakeside-toernoai yn Ingelân.