Stroetinga op ien-nei-lêste plak op 5000 meter

02 des 2016 - 17:49
Arjan Stroetinga wûn de 10 km fan it NK allround - Foto: ANP

Arjan Stroetinga út Waskemar is freedtemiddei op it ien-nei-lêste plak einige op de 5 kilometer by de wrâldbeker yn Astana. De reedrider notearre in tiid fan 6.36.96. Dat wie goed foar it fyftjinde plak. De winst gie nei Peter Michael út Nij-Seelân.

Yn Astana ûntbrekke de toppers, lykas Sven Kramer en Jorrit Bergsma. Se hawwe keazen foar in trainingskamp. Stroetinga wie dêrom de iennichste Nederlânske dielnimmer yn de A-groep.

Earder kamen yn de B-groep wol fjouwer Nederlanners yn aksje. Se pakten dêr de earste fjouwer plakken. Dêrby wie it fjirde plak foar Bob de Vries fan De Haule.

(Advertinsje)
(Advertinsje)