Rederij Doeksen set 200.000ste besiker oer nei Flylân

In blomke en fergees oer nei Flylân foar de 200.000ste besiker © Rederij Doeksen
In mylpeal foar rederij Doeksen freed. De feartsjinst brocht dizze dei de 200.000 besiker fan 2016 nei Flylân. Noch nea earder hat de rederij safolle minsken nei Flylân oerset. De mylpeal wie foar de famylje De Vries út Utrecht. Se mochten fergees mei de boat en waarden ûntfongen mei in fanfare en kadootsjes.
It tal minsken dat nei Flylân reizget, nimt de lêste jierren flink ta. Sa kamen der yn 2005 noch 'mar' 150.000 minsken nei it Waadeilân. Dit jier komt dat getal dus boppe de 200.000 út.