92 minsken ride te hurd oer de N354

02 des 2016 - 17:21

By snelheidskontrôles op de N354 bij Raerd en Tsienzerbuorren hat de plysje freed 92 oertrêdingen konstatearre. Mei-inoar waarden dik trijetûzen autobestjoerders kontrolearre. Bij Raerd waard it hurdste riden, dêr hie in bestjoerder 115 op de teller. De heechste snelheid bij Tsienzerbuorren wie 98 kilometer yn de oere. In pear wiken lyn wiene der flak achterinoar in tal ûngelokken op de N354 by Tsienzerbuorren. Yntusken is mei ekstra streken op de dyk besocht wat oan de feilichheid te dwaan.

Trefwurden: 
N354k feiligens ferkear
(Advertinsje)
(Advertinsje)