FIDEO: Sander van de Streek, de man yn foarm

Hy is miskien wol de man dy't symboal stiet foar de goeie foarm dêr't Cambuur yn rekke is yn de ôfrûne wedstriden: Sander van de Streek. De middenfjilder waard troch Sipke Hulshoff nei de spitsposysje ta helle en skoart no it iene nei it oare doelpunt. Mar leafst 9 doelpunten hat 'Streekie' der no ynlizzen. Van de Streek spilet sûnt it seizoen 2014/2015 by de Ljouwerters.
Neffens Gerald van den Belt, technysk manager by de klup, is der in soad belangstelling foar Van de Streek. "Van zijn zaakwaarnemer hebben we vernomen dat er steeds meer interesse voor hem is. De kans dat hij na dit seizoen vertrekt zal dan ook steeds reëler worden", sa seit Van den Belt.