Ynwenners T'diel tefreden, mar 1 op tsien wol dochs fuort

02 des 2016 - 16:13
Foto: Omrop Fryslân

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel binne oer it generaal tefreden oer har hûs en de wenomjouwing. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de gemeente. Mar dochs tinkt ien op de tsien deroer om binnen no en fiif jier te ferhúzjen. It leafst nei in grutter doarp mei mear foarsjenningen. En se wolle dan graach in hûs mei wat grûn deromhinne. De gemeente Tytsjerksteradiel brûkt de útkomsten fan it wenûndersyk by takomstige plannen foar útwreiding fan doarpen. En ek by it bepalen oer hokker soarte huzen oft dêr dan komme kinne.

Trefwurden: 
Tytsjerksteradiel
(Advertinsje)
(Advertinsje)