Fuotbalklups spylje mei roubannen en binne minút stil

02 des 2016 - 15:54
Fans fan Chapecoense - Foto: ANP

De spilers fan SC Hearrenfean en SC Cambuur spylje dit kompetysjewykein mei roubannen om. Ek wurdt der foarôfgeand oan de wedstriden in minút stilte hâlden. It is in earbetoan oan de slachtoffers fan de fleanramp yn Kolombia. Dêrby kaam sawat it hiele earste alvetal en de stêf fan de Braziliaanske klup Chapecoense om it libben.

Fierder hat fuotbalbûn KNVB ek amateurklups oproppen om in minút stilte te hâlden foar harren wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)