WoonFriesland wol 52 huzen op It Fean ferfange troch nijbou

02 des 2016 - 15:28

Wenningkorporaasje WoonFriesland wol 52 huzen op It Hearrenfean slope en ferfange troch nijbou. It giet om jierren-sechstich-huzen oan de Tjerk Bottemastrjitte, de Piet van der Hemstrjitte, de Vermeerstrjitte en de Van Goghstrjitte. Dy foldogge net mear oan de easken fan dizze tiid. It kin net út om se op te knappen en dêrom wol WoonFriesland se slope. De bewenners binne op de hichte brocht. WoonFriesland makket mei har allegear ôfspraken oer oft se ferhúzje wolle of weromkomme wolle yn in nij hûs op it âlde plak.

As alles trochgiet, binne de nije huzen oer in dikke twa jier klear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)