Van Selm fan Opsterlân wurdt foarsitter fan P10

02 des 2016 - 15:20
Foto: Omrop Fryslân: Hayo Bootsma

Boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân wurdt foarsitter fan de P10, dat is it gearwurkingsferbân fan tsien grutte plattelânsgemeenten. Se folget in kollega op dy't boargemaster wurdt fan Vlaardingen. Van Selm is no twa jier boargemaster yn Opsterlân. Se fynt it in eare dat it foarsitterskip de kommende tiid yn it Noarden leit. Opsterlân hat him neffens har altyd aktyf opsteld binnen de P10.

De P10 rjochtet him op de krêft fan it plattelân op sawol nasjonaal as ynternasjonaal nivo. Sintrale tema's binne de oantreklikheid fan it plattelân, maatwurk foar it plattelân en de gearwurking tusken stêd en plattelân. Neffens de P10 is it plattelân oantreklik en moat it dat bliuwe. Kwaliteit en berikberens fan foarsjenningen binne neffens harren dêrby essinsjeel.

Trefwurden: 
P10 Ellen van Selm Opsterlân
(Advertinsje)
(Advertinsje)