Ynwenners stekke de termometer yn Droegeham

02 des 2016 - 15:09
Foto: gondelvaartopwielen.nl

Ynwenners fan Droegeham prate de kommende tiid mei-inoar oer de stân fan saken yn it doarp. De gemeentlike wolwêzensorganisaasje KEaRN organisearret dat yn gearwurking mei pleatslik belang. De Droegehamsters prate oer wat der spilet, wat better of oars kin en hoe't dat dan oanpakt wurde kin. Pleatslik belang wie al oan de gong mei in leefberensûndersyk en dêr past dit doarpspetear fan de gemeente moai by. Yn Boelensloane en Koatstertille binne ynkoarten ek sokke petearen.

Trefwurden: 
Droegeham doarpsbelang
(Advertinsje)
(Advertinsje)