Tips foar it perfekte Sinteklazegedicht

Foar guon is it gjin muoite en stiet it yn minder as fiif minuten op papier, foar oaren is it in pineholleklus dy't alle jierren wer langer duorret as earst tocht: it sinteklazegedicht. Ut ûndersyk fan de online-winkel Wehkamp docht bliken dat mar leafst 75 prosint fan de Sinteklazen dit jier gedichten by harren pakjes docht. Dat betsjut lykwols net dat it skriuwen fan dizze gedichten foar elkenien like maklik is. Sa soe 40 prosint fan de minsken stress krije fan it dichtsjen, en komme dizze minsken faak ek yn tiidneed.
By Omrop Fryslân hawwe wy dêrom de help ynskeakele fan in profesjonele dichter, dy't de Fryske Sinteklazen miskien mei inkelde tips wat stress besparje kin.
Taal
Hoewol't it Frysk yn ús provinsje in populêre sprektaal is, wurdt de taal lang net sa faak brûkt om yn te skriuwen. En as dichttaal is it noch seldsumer. It dichtsjen yn it Frysk wurdt faak sjoen as dreger, om't de Nederlânske taal in protte helpmiddels hat dy't it rymjen in stik makliker meitsje kin. Mar is de Nederlânske taal eins wol safolle makliker om yn te dichtsjen. "Nee", sa seit dichteres Sigrid Kingma, "yn it Frysk is it eins makliker, om't in protte tiidwurden ienselde útgong hawwe, wêrtroch as se makliker brûkt wurde kinne yn in gedicht." Kingma is profesjoneel dichter en is rûn de sinteklaastiid ek yn te hieren foar persoanlike sinteklazegedichten. Se jout ek foarbylden fan tiidwurden dy't ienselde útgong hawwe, en dy't dus maklik brûkt wurde kinne foar in gedicht:
Brocht
Tocht
Kocht
Socht
Mocht
Die
Gie
Stie
Wie
Standert rymke
It begjin fan it sinteklazegedicht is foar in protte minsken net al te dreech. De standert rymkes wurde fan stâl helle, om earst mar ris op gong te kommen, en de earste sinnen op papier te hawwen. Neffens Kingma mei in sinteklazegedicht best wol begjinne mei sa'n standert rymke. Yn it Nederlânsk binne de bekendere rymkes bygelyks:
"De Sint zat te denken, wat hij Jantje zou schenken".
"Sinterklaas is weer in het land, en hij had ook wat voor Jantje in zijn hand."
"Je moatte in sinteklazegedicht net te muoilik meitsje." sa seit Kingma, "It is gjin heechsteande poëzy, it moat grappich bliuwe dus je moatte dêr net te bot oer neitinke." Yn it Frysk soe in gedicht bygelyks begjinne kinne mei
"Sinteklaas tocht ris nei, wat er foar Jantsje helje mei"
"It is faak al bysûnder dat it gedicht yn it Frysk is, want de measten dogge it dochs yn it Nederlânsk. Dus as je it yn it Frysk dogge dan hinderet it neat as je mei in iepen doar begjinne", sa seit Kingma.
Helpmiddels
Foar wa't der wier net útkomt mei it rymjen yn it Frysk hat Kingma noch in goeie tip. Op de webside www.taalweb.frl kin nammentlik in folslein Frysk rymwurdboek delhelle wurde. Hjirfoar moatte jo nei de webside tagean, en dan de pagina 'downloads' opsykje. Hjir stiet ûnder oare it Frysk Hânwurdboek by. Dit is eins in folslein gewoan wurdboek, krekt lykas it dikke boek dat by in soad minsken yn de boekekast stiet, mar yn dizze digitale ferzje kinne je op alternative wizen sykje nei wurden. Ien fan dy alternativen is it sykjen op 'Retrograde'. "Dat betsjut datst op de achterkant fan in wurd sykje kinst." sa lit Kingma sjen. In sykterm lykas Aak smyt dan de folgjende brûkbere wurdlist op:
Fraachbaak
Haak
Kaak
Leedfermaak
Bysmaak
Opset
Neffens Kingma kin it ek helpe om in strakke opset by de hân te hâlden. Dit docht se sels ek wylst se gedichten foar oaren skriuwt. Kingma hat in sinteklazegedichte-skriuw-service, wêrby't se yn opdracht gedichten foar oaren skriuwt. Sels wurket se mei in ferzje fan de ûndersteande opset:
Algemiene iepening (iepen doar)
Sinteklaas tocht ris nei, wat er foar Jantsje helje mei
Pear sinnen oer de syktocht fan Sinteklaas
Hiel Ljouwert hat er ôfsocht,
mar dochs hie der noch neat kocht,
Doe gie er yn de rein,
nei Frjentsjer mei de trein,
It waard al tsjuster en let,
Mar ek dêr fûn er it net,

Persoanlik
Dit kin in koarte anekdoate wêze, mar fansels ek in langer ferhaal
Wat oer it kado
Wêrom hat de Sint foar it kado keazen
Ofsluting
Bygelyks wêr't it kado te finen is, of hoe't it iepen makke wurde moat.
En mocht it hjirmei noch net slagje, dan is it advys om foaral grut út te pakken mei de surprise. Miskien falt it minne gedicht dan ek net mear sa op.