MCL docht ûndersyk nei bernekanker

02 des 2016 - 13:47
Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Sikehûs MCL yn Ljouwert begjint ynkoarten mei ûndersyk op it gebiet fan bernekanker. Dat bart ûnder de rezjy fan it Prinses Maxima Centrum voor Kinderoncologie. Dat is it lanlik spesjalistysk sintrum foar bern mei kanker. It Maximasintrum yn Utrecht jout sels de meast spesjalisearre soarch, mar wurket ek gear mei fjirtjin oare sikehuzen. Dy behannelje ek bern mei kanker. It MCL is bliid dat it sels ûndersyk dwaan kin. Want dat betsjut dat de bern dy't dêrby belutsen binne, dêr no oan meiwurkje kinne yn it sikehûs tichtby hûs.

Trefwurden: 
MCL sikehûs kanker
(Advertinsje)
(Advertinsje)