"Militêre oanpak giet fier, kin stranger foar de klasse''

02 des 2016 - 13:11

"In militêre oanpak giet miskien wat fier, mar it mei wol stranger yn de klasse.'' Ta dy konklúzje komt in âld-ynstrukteur fan definsje. Op de Ljouwerter freedsmerk reagearret hy op it probleem dat der te min masters en juffen foar de klasse wolle. Benammen yn it westen fan it lân wurdt it hieltyd dreger. De PvdA is no sels mei it 'Actieplan Docent' kaam, mei as doel om learkrêften minder wurkdruk te jaan en mear status en salaris. 

Op de freedsmerk wie der wol stipe foar dat plan, mar ek lûden dat der mear feroarje moat. "Se hawwe fierstente folle papierwurk: it bin heale boekhâlders", mar ek: "Se hoege mar in ferkeard wurd te sizzen of se wurde al oanklage!" Dêrnjonken kaam ek it tekoart oan respekt foar juf en master noch oan 'e oarder: "Het is te veel jij en jij". Wat âldere besikers fan 'e merk wienen ek kritysk nei harsels: "Der bin oek wel kynders by dy't je achter ut behang plakke wille, mar su waren wy froeger oek wel.''

Trefwurden: 
les klas docent
(Advertinsje)
(Advertinsje)