Ferhalen Jip en Janneke aanst ek yn it Frysk te lêzen

02 des 2016 - 12:18

De aventoeren fan Jip en Janneke fan skriuwster Annie M.G. Schmidt binne ynkoarten ek yn it Frysk te lêzen. Ytsje Steen- Buwalda út Boalsert hat ôfrûne simmer alle boeken fan Jip en Janneke oerset. It boek wie al wol te krijen yn in tsiental talen, ûnder oaren it Perzysk, it Sineesk en it Ingelsk, mar noch net yn it Frysk. Sy fûn dat der foar bern eins net folle is om yn it Frysk foar te lêzen en kaam dêrom op it idee om de ferhalen oer te setten nei it Frysk.

Se fûn it sels net dreech om de boartlike taal fan Annie M.G. Schmidt oer te setten, om't se al jierren as oersetter wurket mei har eigen fertaalburo. Steen hopet dat dit Fryske boek mear bern oan it lêzen krije kin en dat de Fryske taal sa ek yn de takomst goed yn stân bliuwe kin.

Oare kleuren en ekstra tekst

Oan de omslach fan it boek is goed te sjen dat it in Fryske útjefte mei oare kleuren en ekstra tekst yn it Frysk. Ek spesjaal is neffens har dat der yn dit boek in nij plaatsje stiet dat yn gjin inkeld boek foarkomt.

Hast klear

Steen hat tegearre mei foarmjouwer Boudewijn Boer en de Afûk oan it boek wurke. It boek is der noch net, nije wike freed komt it út Tsjechië by de drukker wei. ''Krekt te let foar Sinteklaas, mar wol op tiid foar de hûndertste bertedei fan Fiep Westendorp'', sa seit Steen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)