Fryske diabetes oppas-app nominearre foar lanlike priis

© Omrop Fryslân
De app Dia-Sit is nominearre foar it bêste diabetesidee fan Nederlân. It is in idee fan bernedokter Barbara Werrij fan it Antonius Sikehûs yn Snits en fan pasjinte Carolien. De app bringt jongerein mei diabetes en âlden dy't oppas sykje foar harren bern mei diabetes, mei-inoar yn kontakt. Grut foardiel is neffens de bernedokter dat dizze jongerein hiel goed wit wat se dwaan moatte as it sûkernivo fan it oppasberntsje te heech of te leech is, om't se sels diabetes hawwe.
Boppedat hawwe de oppassen in foarbyldfunksje foar harren jongere lotgenoaten. Dy kinne sels sjen hoe't in oar bygelyks syn bloedspegel kontrolearret of ynsuline spuitet.