Reorganisaasje by De Friesland: 120 banen ferdwine

02 des 2016 - 12:00

By soarchfersekerder De Friesland yn Ljouwert ferdwine de kommende trije jier goed 120 banen. Dat hat it personiel tongersdei te hearren krigen. De reorganisaasje is needsaaklik om de soarchpreemjes betelber te hâlden. De soarchkosten sille de kommende jierren fierder omheech gean en om de preemje dan dochs leech hâlde te kinnen, moat der besunige wurde op de eigen organisaasje. Ek wol De Friesland sa better oanslute by de digitalisearring.

Hieltyd mear saken wurde troch klanten sels fia de kompjûter regele en dêrtroch binne der minder minsken by de soarchfersekerder nedich. De reorganisaasje kin nei alle gedachten net sûnder twongen ûntslaggen. De Friesland moat noch mei it fakbûn om tafel om oer de plannen te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)