Tresoar moat plak fine foar 200 meter oan kaarten

02 des 2016 - 11:49

Histoarysk Sintrum Tresoar yn Ljouwert krijt yn jannewaris 200 meter oan kadastrale helpkaarten. Dat binne kaarten dy't makke binne troch lânmjitters yn de tiid fan Napoleon. Nei jierren fan striid is besletten dat de helpkaarten net ferneatige wurde meie, en dat regionale histoaryske sintra se opslaan moatte. Tresoar fynt it terjochte dat de kaarten net ferneatige wurde, mar is net hiel bliid mei dat se ferplichte binne de helpkaarten op te slaan. Se sille der in soad wurk fan ha.

Troch de nije argyfwet binne regionale histoaryske sintra ferplichte om guod op te slaan dat oan se tawiisd wurdt. Yn tsjinstelling ta in soad oare histoaryske sintra yn it lân hat Tresoar lokkigernôch de romte om 200 meter oan helpkaarten op te slaan. Se hawwe krekt 6 kilometer oan argyfmateriaal ferhuze nei it depot.

Konservator Tjeerd de Jong sjocht op himsels wol út nei de komst fan de helpkaarten: "It is wol sa, ik wol graach witte wat no eins de steat fan de kolleksje is. Miskien sit der wol skimmel yn of bistjes. Dêrneist kin der skea wêze oan it papier. Dat binne dingen, dy wol ik yn it foar witte. Dat binne saken dêr't ik tige nijsgjirrich nei bin."

Trefwurden: 
Tresoar histoarje
(Advertinsje)
(Advertinsje)