Beljende bestjoerders beboete: kontrôle by rotonde De Jouwer

02 des 2016 - 11:10
Foto: CAMJO media

De plysje hat tongersdei by kontrôles by de rotonde fan De Jouwer yn trije oeren tiid trettjin boetes útdield oan sjauffeurs dy't ûnder it riden oan it beljen wiene. Yn acht gefallen gie it om frachtweinsjauffeurs. De plysje stiet faker mei werkenbere plysje-auto's by de rotonde fan De Jouwer fanwegen it grutte oantal ûngelokken dêr de ôfrûne wiken. De plysje joech earder al oan dat dy mei feroarsake wurde troch it gedrach fan de bestjoerders.

Ferline moanne noch kaam in 31-jierrige Snitser om it libben doe't er yn in file foar de rotonde fan achteren oanriden waard troch in frachtweinsjauffeur. Syn frou en dochterke fan in jier rekken ferwûne. De plysje dielde tongersdei ek boetes út by De Lemmer, Snits en It Hearrenfean oan automobilisten dy't net handsfree oan it beljen wienen ûnder it riden.

Trefwurden: 
rotonde De Jouwer plysje boete
(Advertinsje)
(Advertinsje)