Ljouwerter fernielt auto's en bedriget omstanners

02 des 2016 - 11:05
Plysje - Foto: ANP

In man fan 27 jier út Ljouwert is tongersdeitejûn yn de stêd oanhâlden foar fernieling en bedriging. De plysje krige de melding dat er omstanners bedrige hie en in auto fernield hie. Op oanwizing fan in tsjûge koe de plysje de fertochte by de Ljouwerter bosk fine. De Ljouwerter fersette him bot by syn oanhâlding. Nei alle gedachten wie er ûnder ynfloed fan drugs. Mei hânboeien om waard er yn de plysje-auto set. Underweis nei it buro wist de man de autoriem los te meitsjen, wêrnei't er besocht de plysjes te skoppen.

Ek besocht er in plysje te biten. Yn syn rêchtas fûn de plysje meardere messen, in hammer en in skroevedraaier. Dy hat de man mooglik brûkt by it fernielen fan in auto op de Kei. It guod is yn beslach naam. De Ljouwerter wurdt heard en dêrnei wurdt sjoen oft er behannele wurde moat yn in soarchynstelling. De plysje freget minsken har te melden as har auto fernield is of as se ek bedrige binne troch de man.

Trefwurden: 
plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)