Asfaltearringswurk op A6

21 maaie 2012 - 14:34
De A6 - Foto: ANP XTRA

Op de A6 fan De Jouwer rjochting De Lemmer is fan tiisdeitejûn seis oere ôf oant woansdeitemoarn sân oere mar ien rydbaan beskikber. Der wurdt dan asfaltearre.

Guon op- en ôfritten binne ûnder it wurk ôfsletten. It ferkear wurdt omlaat oer de earstfolgjende op- of ôfrit. Op it plak fan de wurksemheden mei net hurder as 70 kilometer yn 'e oere riden wurde.

Trefwurden: 
A6 Asfalt
(Advertinsje)
(Advertinsje)