Noch oant de krystdagen oerlêst fan 8800 heipeallen

Ynwenners fan Harns hawwe yn alle gefallen noch oant de krystdagen lêst fan de heiwurksumheden oan de nije N31 troch de stêd. Utfierder Ballast Nedam moat yn totaal 8800 heipeallen teplak bringe en besiket dat yn in sa koart mooglike tiid foarinoar te krijen. Om't de nije dyk dwers troch Harns oanlein wurdt smyt dat in soad lûds- en trillingsoerlêst op.
De wurksumheden duorje fan moarns 7 oant jûns 7 oere. As kompensaasje hawwe guon omwenners in oanbod krigen fan de útfierder om der in pear dagen tuskenút te gean yn in hotel of in fakânsjehúske. Tongersdei waard it djipste punt fan it akwadukt dat yn in projekt sit berikt en dêrmei leit it projekt op skema.