'Jagers sjitte húskatten dea'

(stockfoto)
De Bistebeskerming Fryslân is teloarsteld dat twa jagers net feroardiele binne foar it ôfsjitten fan twa húskatten. De bisten binne fan tichtby deade. De jagers hiene sjen kind dat it net om wylde, mar om húskatten gie, seit de Bistebeskerming.
It hôf wol de jagers gjin straf oplizze fanwege te min bewiis. Der kin net bewiisd wurde dat de jagers der net alles oan dien hawwe om der wis fan te wêzen dat it om ferwyldere katten giet.
De bistebeskerming is tsjin it ôfsjitten fan katten. Der binne ek wol oare metoades om it probleem mei ferwyldere katten oan te pakken.