Kollum: ''Hynders''

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.
''Trettjin jier lyn krige ús Rixt in Haflinger op ‘e jierdei. Se waard doe 7 jier en Jutta wie in grutte ferrassing. It wie in dominant hynder mar hiel leaf. Ik wit noch dat ik har nei it lân brocht en Teunis op syn trijewielerke foar ús út fytste. Ynienen foel er om en ik wie bang dat Jutta oer him hinne rinne soe. Mar se wachte geduldich oant er fierder fytste en snuffele  leaf oan syn hier.
Shetlander Max waard Jutta har maat. Max wie ek in super braaf bist. Jutta wie hiel tûk, se krige alle doaren iepen en koe sels in knoop út in tou helje. Wy hawwe oant twa kear ta hân dat we moarns wekker waarden, beide hynders yn ‘e tún stiene te fretten en alle acht Flaamske reuzen ek út ‘e paddock ûntsnapt wiene. De earste kear tocht ik dat ik it nije draaistek net op it slot dien hie mar de oare deis wie it itselde ferhaal. Se koe dus ek in kaai  omdraaie mei har mûle en dat stek wie samar nei de kloaten.
Se krige de achterdoar ek iepen en op in dei stie se samar yn ‘e keuken. Max kaam  wolris yn ‘e bykeuken, dan friet er gau de kattebrokjes op. It wiene skatten fan bisten, echte famyljepony’s en we hawwe der in soad gesellichheid fan hân. Twa jier lyn kaam Mindert der noch by. In leaf Frysk hynder en it wie dik oan tusken Jutta en him.
Jutta wie wol groanysk hoefbefangen. Achterôf die bliken dat we har sa kocht ha en it hat hiel wat muoite koste om dat stabyl te krijen. Letter kaam der noch in hea-allergy by mar dat hiene we ûnder kontrôle troch it hea te weakjen. Twa jier lyn kamen wy derachter dat Max artroaze yn syn tongbot hie wêrtroch ‘t er net mear goed ite koe. Wy knipten sûnt dy tiid it hea foar him en hy krige slobber. Koart gers ite slagge wol mar de ôfrûne simmer waard hy ek hast hoefbefangen.
Takom jier soene we beide hynders fjirtjin jier ha mar dat helje we net mear want we hawwe harren ferline wike woansdei ynsliepe litten. Se kamen beide net mear troch it hier yn it foarjier en Jutta waard fan’t simmer hiel min. Ik ha beide teste litten op cushing en de útslach wie posityf. It is eat dat faker foarkomt by âldere hynders en it giet om in harsentumor dy’t net mear fuortgiet.
De klachten dy’t se al hiene, soene net oergean mei medisinen en ik seach Jutta mei de dei fuortgliidzjen. Se taalde ek net mear nei Mindert. De tonne mei knipt hea foar Max krige ik hieltyd faker werom mei propkes en doe ha ’k besletten dat ik net sa lang wachtsje woe oant beide hynders alle weardichheid ferlieze soene. It wie hiel dreech om it beslút te nimmen en ûnder in floed fan triennen is it lokkich wol hiel fredich ferrûn.
Mindert hat in nij freondintsje krigen. Har namme is Sinne en se komt út ‘e Westereen. Sy is krekt as de measte wâldpiken wol aardich oertsjûge fan harsels mar Mindert hie it ynearsten net op har stean. Doe’t er op in bepaald momint al kontakt mei har socht, rûn sy eigenwiis by him wei.
Lokkich is it hielendal goedkommen en neffens my hawwe se ek al efkes stikem frijd want ik seach dat Sinne in knoop yn ‘e moannen hie. En doe’t de achterdoar fan 'e wike iepen stie, rûn se samar de keuken yn, krekt as Jutta.''