Maatregels fosfaatbeheining krije stipe yn Twadde Keamer

02 des 2016 - 08:40

Steatssekretaris Martijn van Dam fan Lânbou krijt stipe foar syn maatregels om de útstjit fan fosfaat yn de melkfeehâlderij te beheinen. Dat waard tongersdeitejûn dúdlik nei in lang debat yn de Twadde Keamer. Nederlân moat minder dong produsearje omdat ús lân fierstente folle fosfaat produsearret.

Om't Nederlân in agrarysk lân is, mei ús lân as útsûndering mear fosfaat produsearje as oare lannen yn Europa. Mar boeren gean no fier oer dat plafond hinne. Om de útsûnderingsposysje te behâlden, komt Van Dam mei in fosfaatwet dy op 1 jannewaris 2018 yn giet. In lytsere feesteapel stiet dêryn sintraal.

Trefwurden: 
Martijn van Dam fosfaat dong
(advertinsje)
(advertinsje)